03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

har dea yn 1666 ien meibewenner, dy't 49 c.g. betelle, en mar leafst fjouwer oaren dy't in keamer

hierden, foar resp. 14, 8-8, 8-10 en 4-18 (Bols Q 16, 17; RAF).

312. Dat kocht de eardere widdo Haringhouk (Samuel syn mem) yn 1639 mei har man, Abbe

Ruijrdts (Bols V4,157, RAF). As neistlizzer tekene ik har dêr oan op 23-2-1648 (Bols V 5,54,60)

en 1-2-1650 (Bols V 5, 87; sj. ek id. 75, RAF).

313. Breuker 1981c; Bols R 12,19 e.f., RAF. Spitigernôch rint de weesrekken, dêr't de gegevens oer dit

hûs út komme, net fierder werom as 1652. It ferhúzjen yn jannewaris 1658 lied ik ôf út de legere

hier (25 gg. ynstee fan 35 gg. oare jierren) oer 1657-1658 (Bols R 16,21). Oars asyn 1981 fetsjeik

no de hier foar 1658 op as de hier dy't maaie dat jiers (en net yn maaie 1659) betelle wurde moast.

Sa wie it ek yn 1655 en 1656.

It hôf waard ferhierd, earst oan goudsmid Frans Baarda en sûnt novimber 1652 oan chirurgyn

Douwe Symens Wynbergh. Op 'e plattegrûn fan Schotanus út 1664 leit in tún op it plak fan de

tsjintwurdige nûmers 14 en 15, mar Schotanus is grif net by. Syn kaart is frijwol gelyk oan dy fan

Blaeu út it begjin fan de ieu (ôfbylde yn IB 17 (1955): 104).

314. Bols V 4, 230 (1644); id. V 4, 254 (1645); id. V 6, 88 (1662); RAF.

315. Dat se der maaie 1661 út moasten, lied ik ôf út'e keap fan it hûs op 11-4-1661 troch bakker Wiltie

Anes, dy't der letter sels blykt te wenjen (Bols V 6,60, RAF; lidmatelist 1661, DTB 147, nr. 848,

RAF). Derút hóegden se nei alle gedachten net, want de eigener ferhierde it hûs wer oan oaren,

earst oan de skriuwer Sicke Boenia (GAB 562,1-7-1659; Bols R 21,41,11 -4-1660, RAF); doe oan

dr. Phocaeus Siersma (Bols R17,225,237; id. V 6,80,20-8-1662, RAF). Dat 14 wat foarnamer wie

as 15 soe men om de status fan 'e hierders hast tinke. Nr. 14 wie ek gans djoerder (1030 gg. yn

1662, Bols V 6, 88, RAF foar 567 gg. yn 1661 foar 15 oer, Bols V 6, 60, RAF), mar dat kin ek

komme omt by 15 amper grûn wie.

316. Lidmatelist 1661, nr. 624; DTB 147, RAF; Bols Q 16:4,12, RAF = Kalma 1938,224,232. It hûs is

nest in jier of wat ôfbrutsen. It plak, dat oant no ta net bekend wie, haw ik ôflaat út de ferkeapakte

út 1663 fan it hoekhûs op 'e Nije Hofstrjitte (earder Wythearestrjitte, yn GJ syn tiid Nijstêd),

dêr't Oedsonius, de eigener fan GJ syn hûs, as neistlizzer yn neamd wurdt (Bols V 6,118

(9-12-1663) RAF; sjoch ek eardere ferkeapakten fan itselde hoekhûs yn Bols V 5,155 (1654) en

Bols V 5,177(1656)). It hôf rûnhielendal troch efter de huzen op 'eNijstêd. Duco Gellij hiedêr

ek in tún, lykas Arjen Riemersma en buorman Wolter Hendricx (ôf te lieden út Bols V 6, 126,

164; id. V 8,49, RAF). Yn it neamde hoekhûs wenne dr. Phocaeus Siersma, deselde dy't earder

ek al neist GJ wenne hie op 'e Broerestrjitte.

Túnkje hat GJ op it Heech grif dien, sa't de tobben of kannen mei roazemeryn, turkse beane en

sealje yn syn ynventaris wol útwize, likegoed as houwer, klau en gripen. In blomkwekerij, dêr't

ik yn 1981 oan tocht, sil er wol net hân hawwe (Bols Q 16, 1 e.f., RAF = Kalma 1938, 222-

224).

317. Op 4-7-1657 reizgen Gysbert en Willem tegearre nei Wommels om in saak foar it nedergerjocht

en op 1-11-1658 tekene Willem oan: "aen Willem Genyts ende Symen looper voor haar diensten

met advijs van Meester Gysbert Jacobs, t'sampt andere oncosten tot Wommels betaelt om

de schuldenaers te spreecken 6-3-0" (Bols R 17, 134, 137, RAF).

318. Bols R 21,6 RAF. GJ brocht foar himsels "tien briefloonen hen ende weder gesonden ende ontfangen"

yn rekken. Oer dy saak giet faaks ek Bols CC 16, 272, RAF, dat troch tekstferlies net

dúdlik is. De magistraat betelle doe 600 c.g.

319. Bols R 13: 94 (1656,1657); Bols R 17: 134, 137,141, 142 (1657, 1658, 1660, 1661); Henn E 5: 9-3-

1659; Bols I 5, 23-12-1659, 29-12-1660,24-12-1662; Bols R 21: 6, 8, 9, 13, 14, 18 (1660,1661,1663,

1664, 1665, 1666) (allegearre RAF).

320. Coops: BolsR21,6(1661), RAF; Duco Gellij: Bols R 17,4(1657), RAF; [dr. Werner] Gutberleth:

Hof WW 50, 14-7-1660. RAF; H. Hillebrants (dat wol Hillebrant Hillebrants Remsma wêze

moat) R 21, 8 (166), RAF.

321. Jacob Claes wie syn opfolger. Yn 'e tuskentiid naam ien de skoalle salang waar (GAW D

29).

322. Meidield troch E. Epkema, dy't miende dat er de anekdoate fan Wassenbergh heard hie, yn in

brief fan 30-12-1827 oan J.H. Halbertsma, 6185 Hs, PBF (publisearre troch J.J. Kalma

1969).

540

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!