03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

easkers te beteljen (Bols H 10, proses tusken kastlein Braeck en Reinalda, 29-12-1648, RAF;

GAB 445,446,459). Oft der ûnder de nije rektor Hermanus Wesselius (1652-1654) folie ferbettering

yn kommen is, liket de fraach, omdat earst ûnder syn opfolger Nollius Hajonides (1654-

1658) de Wetten opsteld waarden.

300. Fan Otto Henrici Sylvius is dat te bewizen. Dy joech yn 1652 moarns yn it skoft, tusken tsienen

en alven "extra ordinaris" lessen oan Caesar Bothe, doe 15 jier âld en dus wis learling fan de latynske

skoalle (Bols H 12, stikken Frederick Bothe, RAF; DTB 138 (doopt op 17-8-1637),

RAF).

301. GAB 442-447. De oanbefellingsbrief fan 'e steedhâlder fan 8^-1652 sit yn GAB 552.Renatus

Siccama, konrektor oant 1637, gong krekt fuort doe't GJ begong, want syn berop as dùmny te

Wolsum en Westhim waard 27-6-1637 approbearre (Romein 1888,383). It waarnimmen troch IIpendam

wurdt neamd yn Bols, R21, RAF (printe by Kalma 1938,237). Gegevens oer Sylvius yn

skoalmastersoantekens H. Sannes, FA

302. Bols H12, proses Otto Hendrix tsjin Freerck Pijtters, 16-3-1654; RAF. GJ syn wurden wurde

oanhelle troch Sylvius sels.

303. It bedrach fan 40 gûne jiers wurdt ferantwurde yn GAB 436 en id. 442-447. It bedrach fan 40 c.g.

bleau salang't GJ te Bolsert stie gelyk. Dat wie it trouwens al sûnt 1614. Foartiid wie it 25 gûne.

Omdat der yn 1616 spesjaal by stiet: "camer huyr daeronder begrepen" nim ik oan dat de ferheging

foar de húshier wie (GAB 35). It bedrach fan 247 gûne haw ik twa kear fûn, ien kear yn de

boelbeskriuwing fan 1666ynBolsQ 16, RAF (ôfprinte by Kalma 1938,231) en ien kear yn 1655

yn GAB 445, dêr't bystiet dat it foar skoalle en foarsjongen is. Halbertsma 1827,300, dy't de opjefte

út 'e boelynvintaris koe, seit dat de 40 gûne (dy't dêryn ek neamd wurdt) foar foarsjongen

en de 247 foar de skoalle wie, mar dat is grif net goed. De salarissen fan de oaren datearje út 1655

(GAB, 445: koster, en 163 gûne foar de skoalmaster-oargelist), resp. 1662 (GAB 446: dûmnys,

rektor, konrektor en 35 gûne foar de skoalmaster-oargelist). Jûnsskoallejild (hieltyd foar itselde

weesbern) dat GJ kriget, stiet oantekene yn Bols R 9,20,25 (8-5-1643; 31-3-1644,15-4-1645; 27-3-

1646). Skoaljild foar bern dy't oerdei les krigen, haw ik yn 'e weesrekkens (dêr't men op oanwiisd

is) net fûn, teminsten net foar GJ.

304. BolsR 11,11 (weesrekken bern SijouckAndries teNijlân), RAF. De léste kear is 7-12-1665 (Bols

R 21, 17, oan Antie Arjens), RAF.

305. BolsQ 16,1 e.f.,RAF(= Kalma 1938,222 e.f.). Ik rekkenje dat yn alle gefallen alles wat nei "een

overtrecksel" únder Salves syn klean beskreaun is, ta de winkel hearde. De oankeap út it boelguod

fan bommesynwurker Wouter Hendricx yn july 1666 sil ek wol út kleanguod bestien

hawwe (Bols Q 16, 14 = Kalma 1938,234). It bestean fan de winkelnearing, foar it earst synjalearre

troch Breuker 1981c, blykt ek út it "Reeckenboeck gebonden in quarto" (id. Kalma

1938,231), dêr't fiif skuldners yn neamd wurde.

306. Se kochten grif ek fan Lenart Tijssen Flasmar, har omkesizzer, dy't se by ferstjerren "van laken

ende anderssints" 87-4-0 skuldich wienen (Bols Q 16,11 = Kalma 1938,232). De skuld fan 50 c.g.

dy't se by ferstjerren neffens deselde boarne oan de erven fan Heydoma hienen, hat faaks ek

foar lekken west.

307. GJ komt inkeld wolris foar ûnder de útskulden yn Bolserter boelynventarissen, mar dan giet it

noait om grutte bedraggen.

308. Sijcke har mem hie yn 1647 400 gg. liend oan Jelte Goslijcx út Eagmaryp (Roarda 1948). Yn

1660 prosedearre GJ mei syn sweager Jan Foppes om de 200 gg. dy't er har noch skuldich

wie.

309. By it úteinlike saldo fan 971-13-4 moat behalven in ûnbekend bedrach oan kwea jild noch in

100 c.g. opteld wurde as negatyf saldo fan Salves yn de mandeboel (Bols R 20, 120; RAF).

310. Halbertsma 1827,344 syn meidieling dat Antie yn 1663 foar 200 gûne nije klean krige, is lykwols

oerdreaun. Ik rús dat it oer trije jier (1663-1666) safolle wie.

311. Halbertsma 1827,300 giet al út fan in eigen hûs, mar de post fan 28 c.g. húshier yn de ynventaris

út 1666 dêr't er op ôfgiet, is it iennichste dat dêrop wize kinne soe. Der wurdt lykwols fierders

gjin hûs neamd, yn ynventaris noch ôfrekken, dat ik tink hast dat it hjir om ûnderferhier gong.

Douwe Sijdses, dy't dy 28 gûne betelje moast, wenne fuort neist GJ-en-dy, sa't oan de lidmatelist

út 1661 te sjen is (NH Bols 1,98; RAF). Underferhier kaam wol foar. Skoansuster Aeltie hie by

wumkes.nl

539

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!