03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

287. De datum is wis, al hat Postma 1962,46 him dêryn fersind. Hy hat sa't liket de ôfrekken mei Thomas

de Bucquoij (Schwartzenberg 2951, RAF) net sjoen, dy't op 2-11-1636 wie en yn oerienstimming

mei de datum fan syn beropbrief (27-4-1636; Schwbg 2955, RAF) oer in healjier

gong.

288. De skipper barde 4 c.g. 6 st. "van den meester Gijsbert te halen ende oude resten oft Schult voorts

voeren voorden kercke ende gelt uijt geleijt" (Schwbg 2996, RAF). It is spitich dat de lidmateadministraasje

fan Bitgum út 1636-1637 net bewarre is, want Sijcke komt net foar yn de Ljouwerter

lidmateboeken. Omdat Gysbert te Bitgum jild barde foar prokuraasjes, haw ik foar de

wissichheid it prokuraasjeboek fan Menameradiel O 10 (1625-1672) op it gemeente-argyf yn

Menaam ynsjoen, mar dêr stiet er net yn. Mei dy prokuraasjes sille ek wol gjin folmachtskippen

bedoeld wêze, mar earder skreaune stikken. Yn it Schwartzenberg-argyf haw ik gjin stikken yn

GJ syn hân fan skriuwen fûn, ek net "D'artijckelen van Dicx Eertinge der Arme", dêr't Gysbert

jild foar barde.

289. Schwbg 2996, RAF.

290. Schwartzenberg 2955; id. 2951 (opjefte fan 2-11-1636), RAF. It skoalhûs hie ankers mei it jiertal

1571 (brief fan GR. Brouwer oan D. Kalma, 3-10-1949, FLMD; meidieling drs. J.Krol).

291. Schwartzenberg 2955, RAF

292. J.D.C. Vries 1930,247 hat yn Amsterdam socht, omdat Tengnagel yn syn Amsterdamsche Lindebladen

(1639) ûnder de rige rimers en dichters ek "Gysberts Jacob met syn vaer" neamt. Wa't dat

wie, is foarsafier't ik wit net opheldere, mar der wenne doedestiids al in bekende notaris Jacob

Gysberts yn Amsterdam, dy't De Vries net neamt (Oud Holland III (1885) 286,287; id. 1890,315

en 1895,162; J.G. Kann, Waar was dat huis in de Warmoesstraat? (Amsterdam 1966)húsnr. 15). D.

Deinum (Bolswards Nieuwsblad 10-5-1966) tinkt oan in bûtenlânske reis, allinne mar omdat

GJ syn ferûnderstelde freon de grytman Aylva "ek gans bûtenlânske kontakten hie".

293. De koster wie yn 1611 ek skoalmaster (GAB 34); hoe't dat letter wie, haw ik net neigongen. Wat it

foarsjongen oangiet: op it titelblêd fan it twadde diel fan de Friesche Rymlerye (1681) hjit GJ

"schooltjenner in forlezzer", mar yn GAB 445 (1655) is it "schooldienaer ende voorsanger".

294. Beide tsjerken hienen yn GJ syn tiid in oargel; dat fan 'e Martini wie yn 1634 fernijd, de Broeretsjerkehieyn

1635 ien†ssigen (Tegenwoordige Staat van Friesland III (Amsterdam 1788) 192,201).

Yn 'e stedsrekkenboeken wurdt, krekt as by de foarsjonger, ek hieltyd mar ien oargelist neamd:

Dirck Symens, sûnt of foar 1611 oant nei 1616; Claes Dircks, 1624 oant 1635/1636; Jurjen Jans

Ilpendam, 1636 oant 1677 (GAB 35,445,447; Bols R 3,252 (1617); DTB 146 (5-11-1634); Bols CC

5, 87, 107 (1635), RAF). Jacob Jans Crabbe, dy't Komter-Kuipers 1940, 91 neamt, haw ik

net fûn.

295. Jurjen Jans Ilpendam: "overledene organist ende schoolmeester vande burgermeisjes ende andere

deser stede" (GAB 2; 1678).

296. Otto Henrici Sylvius: "Extraordinaris Schoole holder binnen deser Stede" (Bols H 12, 21-6-

1654, RAF). Dat er boargerbern, alteast boargerfamkes, les joech, blykt út it oanhelle stik, dêr't

bern fan boargemaster Frederick Bothe yn neamd wurde. Hoe lang oft Sylvius al skoalle hold,

ha'k net neigien. Hy wenne sûnt 1630 al yn Bolsert, mar hjit ek keapman (skoalmastersoantekens

H. Sannes, FA). Yn in reglemint fan de stedsskoalle út 1655 waard fêststeld: "Daar zal geen

andere private Schoole, noch van eenig man, noch van eenig vrouw binnen deeze Stad gehouden

worden" as de stedsskoalle (GAB 551). Aparte skoallen foar earmeljusbern of foar bern dy't

net gereformeard wienen, skine der doe dus net west te hawwen.

297. Bols R 9,20, RAF. GJ barde fan 1643 oant 1646 jild foar it weesbern Bottie, dochter fan Lolle

Wybes Siersma. Dat it om bern gong dy't de gewoane skoalle troch wienen, blykt út de rekken

fan Sylvius foar Trijntie Bothe (Bols H 12, bondel stikken Frederick Bothe, RAF).

298. Yn de saneamde Kapelle oer it wetter, op 'e krusing fan Tsjerkestrjitte en Broerestrjitte (Hedendaagsche

historie of Tegenwoordige Staat van Friesland III (1788) 202-213).

299. Al op 9-7-1651 hie de magistraat by it feststellen fan oare herfoarmings besletten dat der foar de

skoalle in aparte regeling komme moast (GAB 79, Poincten ... nr. 23). Oan de latynske

skoalle stienen doe in âlde rektor, Henricus Antonides van der Linden (al sûnt 1609; stoarn tusken

febrewaris en maaie 1652; DTB 146, RAF; GAB 443) en in drankslije konrektor, Fredericus

Reinalda, oansteld yn 1641 en ferfongen yn 1655. De stêd koarte him op syn lean om syn skuld-

538

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!