03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

236. Kalma 1938,78 en Feitsma 1974,514 datearje it fers op 1652, omdat se ferbân lizze mei de Hemelsche

Troost-Bome, dy't neffens de titelprint dat jiers úfkaam (op 'e titelside stiet 1651), mar it

"eenige Gedichten" út 'e titel wüst earder op losse fersen. Dêrom komme faaks Van Griethuysen

har drompelfersen yn A. Hasius syn Konincklycke Leidster, ek in útjefte fan Fonteyne, earder

yn 'e beneaming. Der is "droaf" en "bly" (83,11) by, omdat Van Griethuysen neist in lofdicht

op it boek ek in roudicht op Hasius makke, dy't ûnder it printsjen fan it boek op 14-9-1650

(N.S.?) stoar. Van Griethuysen har Spreeckende Schildery (1646), ek troch Fonteyne útjûn, kin

min bedoeld wêze, want dat is mar ien (lang) gedicht.

237. Yn: J. Oudaan, Poëzy III (Amsterdam 1712) 61.

238. Harns R17,587, RAF; Dokk W 27,21,46, RAF; Ljou Y 50,13, GAL; Q 2254, BN Parys (mei tank

oan dr. B. van Selm foar syn opjefte fan dy léste).

239. Foppe Fongers Inthiema, Bols Q15,25, RAF; Eme Gerrits, Dokk W 27,46, RAF; Hero de Geest,

Ljou Y 42, 380, GAL.

240. Sa'n tûzen of mear dielen hienen yn de jierren 1651-1680 de heechleararen Joachim Melchior

Steinberg (970; 1671) en Christianus Schotanus à Sterringa (1240; 1672); de riedshearen Theodorus

Saeckma(1520; 1666) en Horatius Knijff (1889; 1671); de griffier fan 'e Steaten en kurator

fan 'e Frjentsjerter Akademy Livius van Scheltinga (997; 1669, mar al stoarn yn 1650) en de

prokureur generaal Anthonius Kann (2471; 1679).

241. De boeke-ynventaris fan Tijdloos (ca. 1593-Ljouwertnei 1655). ek notaris, yn Ljou Y38,349 e.f.

(1653), GAL.

242. Gatakerus ("torn. 2.") en Chronica Carionis, dy't er ek oanhellet, sille wol yn it Nederlânsk west

hawwe. Dy komme teminsten gauris yn oersetting foar, lykas by Feico Oedsonius (1681) C folio

63 ("Chronica Carionis Dord: 1586 Nederduytsch") en G quarto 10 ("Gatakeri Opera Nederduyts")

(Catalogus ... librorum ... , Leovardiae 1681; Q 2206, BN Parys).

Brouwer 1966II 379 hat al ûndersteld dat Theodoretus, Historia yn nederlânske oersetting bedoeld

is. GJ hellet Seth Calvisius sels yn it Nederlânsk oan, dat dy sil er grif wol yn oersetting

hân hawwe.

243. Oer de gemiddelde houliksleeftyd yn Fryslân yn dy jierren binne my oars gjin sifers bekend as

fan Boazum (Breuker 1982c,62). Tusken 1641 en 1651 trouden de manlju dêr, as se trochinoar

24,9 jier âld wienen, en de froulju mei 20.3 jier. As GJ earder troud west hie, soe syn frou wol mei

him neamd wêze, doe't op 15-5-1634 in akte opmakke waard fan in liening (Wûns GG 1, 172,

RAF), of se soe al earder stoarn west hawwe moatte fansels. Ek yn 'e houliksproklamaasje stiet

net dat er widner wie, wat oars wol opjûn waard (DTB 56, GAL; printe by Kalma

1938,218).

244. It soe Bolsert west hawwe kinne, mar dêr binne út dy tiid gjin oantekens fan bewarre (DTB 141,

RAF). Riemersma 1984, 12 syn meidieling dat it Bitgum wie, berêst op in ferkearde ynterpretaasje

fan Piebenga 1957, 44, sa't er my sei. Fan Bitgum binne ek gjin trou-oantekens út dy

tiid oerlevere.

245. Dèrmei kaam in ein oan spekulaasjes dat se út Alkmaar of omkriten kommen wêze soe.

246. J.J. Kalma 1956a,169 makke de famyljerelaasje mei Matthijs Harings bekend.

247. Sjoch oer him Van der Meer 1964,43-45. Noch in tredden moat yn dit ferbân neamd wurde. Dat

is Uilcke Jans, ek te Ljouwert, dy't op 10-2-1610 mei Aelcke har mem troud wie (Van der Meer

1964a,42), mar lang liket dat houlik net duorre te hawwen, want al yn 1616 komt de lekkenkeapman

Uilcke Jans (as dat deselde is) as man fan Tryntie Haies foar (Ljouwerter

hypoteekboek, GAL).

248. Ik haw noch socht nei in mooglike famyljerelaasje mei GJ syn foargonger Salves Thomas te

Wytmarsum, stoarn op 26-5-1628, dy't in suster en in dochter Sijcke hie (Wûns S28,387, RAF),

mar der wie gjin ferbining te lizzen.

249. Mei attestaasje as lidmaat (NH Bols 3, RAF); administraasje fan it grêf yn NH Bols 423,

RAF.

250. Doopboeken Bolsert, RAF.

251. Ik seach it op 18-7-1981, doe't noch te lézen wie: 1646 /ACOB GIJSBERT/, en dêrûnder op de

earste fjouwer rigels allinne ROOS. In fjirtich jier earder wie noch te sjen: Ao 1646 d.. Aug.. /..

acob Gysbert / ..s Roos.. / (Grêfskriften Bolsert, RAF), wylst Halbertsma 1827, 295 opjout: "Ao

534

wumkes.nl

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!