03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

6. Taheakke: Ikonografy

Alles wat ik oan portretten en bylden fan GJ fûn haw folget hjir, foarsjoen fan bysûnderheden

út literatuer en argivalia. Likegoed bliuwe der nochal wat kopyen út it

begjin fan de njoggentjinde ieu, dêr't net fan út te meitsjen is wa't se makke hat of

hoe't se oerlevere binne.

De folchoarder fan behanneljen is chronologysk. In besprek bestiet meastal út trije

parten: omskriuwing, skiednis en ynterpretaasje. By de minder belangrike ôfbyldingen

lykwols is der foar de beide léste ûnderdielen net altyd stof.

Yn de earste ófdieling folget op de koarte omskriuwing fan makker, datearring en bewarplak

in beskriuwing fan it byld mei sa mooglik in ferwizing nei it brûkte foarbyld

en mei opjefte fan eventuele reproduksje yn Skriuwers yn byld 1: Gysbert Japicx

(Borgers 1966). By útsûndering wurde oare werprintingen neamd. De identifikaasje

fan foarbylden is grif by krekter ferliking te ferbetterjen.

Yn it twadde part steane gegevens oer ûntstean en oerlevering en earste

iepenbiere reproduksje.

It tredde jout sitaatsgewize útspraken oer it karakter fan it wurk sels en fan de útbylde

persoan. Sels haw ik my oan stylkritysk of psychologysk kommintaar amper of net

weage.

Wol meitsje ik by de direkte kopyen in opmerking oer de gelikenis mei it oariginele

portret (nr. 1) of de ôfhinklikheid fan oare kopyen. Ekgean ik nei hoe betrouber oft it

oarigineel nei mear as ien restauraasje wurden is en hoe't de opmerklike ferskillen

yn GJ's wezen tusken de nûmers 1 en 2 ferklearre wurde kinne.

Net opnommen binne ôfbyldingen dy't makke binne nei oanlieding fan it wurk

fan 'e dichter of foto's fan útfierings. Fan it earste, seldsume soarte wol ik lykwols op

dit plak ien foarbyld àl neame. Dat is in mei wetterferve kleure tekening fan Sjolle

Kreamer en Tetke (tekst 7) by de werprinting fan de tekst yn in eksimplaar fan in los

stikje Friesche rijmlery út Suringar's Friesche almanak foar 1827 (yn BS 8c I,

PBF).

1. Skilderij [Matthijs Harings] 1637 (FM, ynv. nr.579)

Oaljeferve op hout, 67,7x55 sm. Oant healwei it lichem nei rjochts, yn ovaal. Klaaid

yn swart wammes. mei brede, platte wytkanten kraach. Lyts kinburdsje en sikje,

koartknipt, donker hier. Grize eftergrûn. Yn lofter boppehoeke: Ætat:34/Ao 1637.

Yn swartferve ekenhoute list mei fergulde bys yn 'e deikant. Taskriuwing oan

Matthijs Harings (sj. 2). Neffens de ynvintariskaart restaurearre ca. 1922 troch De

Wild en yn 1965 troch N. van Bohemen, mar ek yn 1936 (sjoch hjirnei). Foar it earst

ôfbylde yn Brouwer e.o. 1936. De foto yn de ed. Brouwer 1966 liket makke te wezen

fan de ôfdruk yn de ed. 1936. Yn Skriuwers yn byld (1966) nr. 1. (Yll. 1 en 31.)

Skiednis

Foar it earst neamd yn in brief fan J. Scheltema fan 30-9-1806 oan E. Wassenbergh

(Hs.1326, PBF): "Is het wel aan UHGel. bekend? dat Koopmans bij toeval te Bolsward

het origineel schilderij van de afbeelding van G.J. bekomen heeft, het is redelyk

fraij geschilderd en wel geconserveerd." Dit skilderij is fêst ien fan de "3 conterfeijt-

wumkes.nl

431

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!