03.05.2013 Views

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

It wurk fan Gysbert Japix n-2 - Tresoar

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

43. Telting hie Dijkstra oanmerkingen makke op dy syn útjefte (it wurk ferskynde yn ôfleveringen),

wêr't dy op reagearre hie mei it fersyk om de printkladden mei nei te sjen (brief A Telting oan

Dijkstra fan 4-3-1853, yn Hs 160 C2, PBF). De earste ôflevermg waard mei advertearre yn itFraneker

Nieuws- en Advertentieblad fan 10-4-1853. Telting hat mooglik reagearre op it foarwurd, dat

miskien is dat (by wize fan prospektus?) earst útkommen.

44. Brief juny 1853 fan A. Wassenbergh oan Dijkstra, yn Hs 160 C2, PBF.

45. J. Hilarides: Feitsma 1978d,98 en M.de Haan Hettema: Wumkes 1926a,262.

46. Resolúsje Dep. St., G2, 7; RAF.

47. Brief fan Swan Shaw fan 'e Bodleian Library te Oxford fan 30-9-1985.

48. Ik sjoch derfan ôf om in list fan sokke nije setflaters te jaan, omdat de tekst fan 1681 hjir dochs

net útjûn wurdt. Se binne trouwens út 'e "Tekstfarianten" te heljen, dy't Brouwer 1966II út 1681

opjout. Dêr sitte ek alle feroaringen yn, dy't ik op rekken fan 'e setter skreaun haw (ij:y, ensfh.).

As men dy der ôflúkt, bliuwt der net safolle oer.

49. Myn ynterpretaasje wykt ôf fan wat Hellinga 1936,116 tinkt, dat Gabbema mei dy stikken (en de

hiele útjefte) foar hân hat. Hy sjocht, as reaksje op Wumkes 1929b,63 syn frysknasjonale ynterpretaasje.

yn de útjefte de died fan "de zeventiende-eeuwsche "germanist" uit den kring van een

Junius en een Vlitius, die hiermee zijn bijdrage tot de studie der germaansche talen wilde

geven".

50. Steaten S3c, Resbk. 1655-1660, 24-25; RAF. Schotanus hold him der by syn Beschryvinge (1665)

dan ek oan.

51. Wumkes 1929a,63, dy't yn it foaropsetten fan de Steaten in utering fan "Fryske frijheitssin"

seach, hat dus miskien net sa fier mis west.

52. Dy hie him nei alle gedachten frege, oft er ek in útjouwer foar syn gedichten wist (Ltk 993.

UBL).

53. Boetius hie foar syn opdracht 100 Lb. fan Deputearre Steaten krigen (Inv. 5 i II 569, RAF), Vulcanius

yn 1597 ek (Feitsma 1978c,6). De útjouwers fan de FR skine neat krigen te hawwen, teminsten

net fan de Steaten. want it boek wurdt net neamd yn de Betellingsordonnânsjes fan

1680, 1681 of 1682 (Steaten gf 51 en 52, RAF).

54. De list fan biblioteken, argiven antikwariaten en Fryske kriten dy't oanskreaun binne, is opnommen

yn 10.7.

55. Brief fan 16-11-1811, yn 146 Hs, PBF.

56. Neffens in steatsje fan útjeften, mooglik fan F.W. van Breest Smallenburg te Snits yn it argyf fan

de Vereen. (UBA). Ofsjoen fan it "friesch woordenboek" giet it om "Tankbre Boerezoon", "Forteltjes

v. Watze Harings", "Lotgevallen v. Bontekoe" en "Aagtje Ysbrants". Fan "Forteltjes" is

mar ien útjefte bekend (1831) en dy ferskynde by Smallenburg. Hoe't Smallenburg dan oan it

wurdboek kommen wêze soe, wit ik net. Dat wie oars in útjefte fan Proost te Ljouwert. Omdat de

skriuwer it hat oer "Moeder", dy't Aagtje Ysbrants (dêr't fan de 500 printe eksimplaren (1827)

noch 65 fan oer binne) net werprintsje wol, sil it listke - as it op Smallenburg slacht - fan ca.

1833 wêze. Dat jiers stoar Smallenburg (LC 18-1-1833) en itselde jiers waard de saak beëinige.

Fan de 680 eksimplaren fan it wurdboek wienen op it stuit dat it listke skreaun waard,

noch 330 oer.

57. De bedraggen wurde û.o. neamd troch Eekhoff 1870,220; "de hooge inteekenprijs" (en "de

slechte uitvoering") yn Letterkundig magazijn van wetenschap, kunst en smaak 1825,430.

58. Oantekening fan J. Dirks yn syn hânskrift Frisiaca (Hs 1161, PBF).

59. Franeker nieuws- en advertentieblad 21-11-1852.

60. De leden wurde neamd yn Hs 1540,6; PBF. Noch foar de iepenstelling fan de yntekening op Epkema

blykt yn it selskip al belangstelling foar GJ bestien te hawwen. Op 27-3-1820 lies M.S. de

Wal nammentlik in part út de fertaling fan Nyschierige Jolle fan Wassenbergh 1806,1 e.f. foar

(oanhelle hânskrift PBF).

61. Boer wie allinne heareboer O. Oneides te Nijlân, mar dy hat faaks yntekene, omdat syn buorlju

mr. P.J. de Hoop en ferver B.G. Koster dat ek dienen. Mei trije yntekeners rint Nijlân der ûnder

de doarpen út, dat miskien hat Francijntje yn Nijlân (by De Hoop?) tsjinne (mei tank oan S. ten

Hoeve foar opjefte fan beroppen en lokalisaasje fan de Nijlanners).

wumkes.nl

523

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!